Romans - Poëzy - Teater

Aggie van der Meer

"Ik wit dat ik âld bin, mar dêr tink ik net oan," fertelde Aggie van der Meer (1927) de pleatslike omrop nei't se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk en in each dat swart wurden is.

Aggie van der Meer
Aggie van der Meer

Aggie van der Meer (Boalsert, 2 septimber 1927) is in Frysk skriuwster út Boalsert. Van der Meer is mei lettere jierren begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Har debút yn boekfoarm wie de dichtbondel De stêd, it bist, de ingel (2000). Dêrnei hat se noch 13 romans, 6 dichtbondels en 7 teaterstikken útbrocht.
De styl fan Aggie van der Meer is tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk; se skept metafoaren en bylden dy't ferwize nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en nei de klassiken.

Yn 2019 krige Van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre hoewol't se ynearsten allinne nominearre waard foar har roman De Achttjin út 2016. Yn 2011 hat se ek de Piter Jelles Priis, de literêre priis fan Ljouwert, wûn foar har boek Oerfeart.

It grutte oeuvre fan Aggie kenmerket him troch eigenheid en kwaliteit
Goffe Jensma
Heechlearaar Fryske taal en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins
Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby en fanút har ûnneidruklik, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe we folle mear fan ússels en alle oaren om ús hinne.
Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2019

It lêste nijs

Útrikking Gysbert Japicspriis 2019

16 novimber 2019

Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.