Nije Roman ferskynd

'De Achttjin' oer de Praachse maitiid

'De Achttjin' is troch it Nederlands Letterenfond útkeazen om op 'e Frankfurter Buchmesse (oktober 2016) promoten te wurden.

'De Achttjin' oer de Praachse maitiid

Praach 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels.

De Leeuwarder Courant (3-6-2016) oer "De Achttsjin":

De opset fan de roman, wêrby't it Joadske ferline fan Hacha grutte oandacht kriget, is út literêr eachpunt perfekt. De skriuwster hat in foarm fûn wêrby't skriuwer en haadpersoan op yngeande wize de uterst komplisearre situaasje besprekke en nuansearje kinne. Dy opset hie in handichheidsje wurde kinnen, mar soks is net it gefal.

It Frsyk Dagblad:


Van der Meer hat in bysûnder knap boek skreaun. Benammen de twastriid fan Ferenc Hacha makket yndruk.

Jelle van der Meulen:

"De achttjin van Aggie van der Meer verdient het om vertaald te worden in het Nederlands, in het Duits, Tsjechisch, Spaans, Russisch, Engels, want het is een boek van wereldformaat."

Lês mear

Útrikking Gysbert Japicspriis 2019

16 novimber 2019

Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.